Definsje mei oefenje by it Waad

10 des 2004 - 10:01

Definsje mei trochgean mei sjitten op de Flyhors op Flylân, ek as der resten munysje op it Waad bedarje. Dat hat de Ried fan Steate tongersdei besletten. Definsje mei yn alle gefallen trochgean mei oefenjen oant 1 maart 2005.

De Waadferiening hie de Steatsrie frege om yn te gripen, omdat definsje kin fergunning ha soe foar it fersmoargjen fan it Waad mei munysjeresten. Omdat dy fergunning wol oanfrege is, wurdt it sjitten no foarearst tastien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)