Koekebakker moat werombetelje

© Omrop Fryslân
Koekebakker Wieger Ketellapper út Sint Jânsgea moat it gearwurkingsferbân Noard-Nederlân SNN jild werombetelje. Dat hat de Rie fan Steat bepaald. It giet om 317.000 euro subsudzje foar wurkgelegenheid.
Betingst wie dat it tal arbeidsplakken gelyk bliuwe of tanimme moast. It SNN seit dat it ôfnommen is. Mar neffens de koekebakker binne de ferkeapers yn tsjinst by memmebedriuw Peijnenburg net meiteld. Dy wurkje ek foar Ketellapper.