Tuttel fuort by KV Drachten

09 des 2004 - 15:55

Kuorbalferiening Drachten en haadtrener Jan Tuttel geane oan de ein fan dit seizoen út inoar. De partijen ha yn oerlis besletten dat it nei trije jier genôch west hat. Tuttel kaam yn 2002 as haadtrener. Bestjoer en technyske kommisje geane op syk nei in opfolger.

It is Drachten wol slagge en fyn in trener foar it twadde tiim. Marc Heijnen út Grins sil yn alle gefallen oant de ein fan dit seizoen it twadde fan Drachten trene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)