Frjentsjer krijt stjerrekrukjes

09 des 2004 - 15:51

Yn de binnenstêd fan Frjentsjer komme tritich metalen krukjes mei dêrop de ôfbylding fan de grutste stjerrebylden. De stjerrekrukjes wurde yn groepkes fan seis rûnom yn de stêd pleatst as ûnderdiel fan it werynrjochtingsplan Strielend Frjentsjer.

De earste seis krukjes steane tsjinoer it Planetarium dat ek meiwurke hat om de krukjes te meitsjen. De gemeente hopet de werynrjochting mei de sitsjes yn de maitiid fan 2005 klear te hawwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)