Minder faak ierdappels bouwe

09 des 2004 - 12:36
Foto: Omrop Fryslân

Boeren moatte ierdappelgrûn mar ien kear yn de fjouwer of fiif jier brûke. No wurde op in lân ien kear yn de trije jier ierdappels boud. Hannelsbedriuw HZPC en ierdappelkoöperaasje Agrico wolle it tal boujierren ferminderje om syktes as brúnrot, ringrot en ierappelwurgens minder kâns te jaan.

Fierders wolle se troch hjir minder te ferbouwen of yn it bûtenlân te ferbouwen, de lege ierdappelpriis wer heger krije.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)