Fandalisme kostet soad jild

© Omrop Fryslân
Fandalisme kostet Tytsjerksteradiel jierliks 45.000 euro. Dat docht bliken út in ynventarisaasje. It is foaral jeugd dy't bushokjes, tunen en auto's fernielt. Op de skoallen yn de gemeente wurde anty-fandalismeprojekten holden, mar dy helje net folle út.
Boargemaster Polderman freget de ynwenners om fandalisme foaral te melden. Dat kin by de gemeente, de plysje en ynkoarten ek digitaal fia ynternet.