FD slút him oan by Nrp Dagbladen

© Omrop Fryslân
It Frysk Deiblêd slút him oan by de advertinsjeferkeap en marketingklub Nrp Dagbladen. De krante foarmet mei de Ljouwerter krante de 'Friesland Combinatie'.
Advertearders en mediaburo's kinne foar it pleatsen fan lanlike advertinsjes yn it Deiblêd en de LC no telâne by NRp Dagbladen. Sa kin in maksimaal berik helle wurde. Neffens Kooistra fan it Deilêd is de gearwurking in logyske stap op de advertinsjemerk.