Fakânsjehuzen Skylge probleem

© Omrop Fryslân
Op Skylge wurde hûndert huzen brûkt foar saken dêr't se net foar bedoeld binne. Fjirtich fakânsjehúskes wurde permanint bewenne en sechtich gewoane wenhuzen wurde ferhierd oan rekreanten. Dat hat de gemeente Skylge útsocht.
Alle gemeenten moatte foar 1 jannewaris oan de minister fan Folkshúsfesting trochjaan hoe't har belied mei rekreaasjewenten is. Der binne trije oplossingen: it gewurde litte, de bestimming wizigje of lju derút sette.