Oanridings yn 'e mist

08 des 2004 - 14:53

By oanridingen yn de mist op de A7 by Drachten binne woansdei tsien auto's belutsen rekke. Ien man is mei nekklachten nei it sikehûs brocht. Fierder wie der allinnich blikskea. De oanridings kamen neffens de plysje omdat automobilisten wierskynlik har snelheid net oanpasten oan it waar.

Op de rûnwei by Snits wie ek in oanriding. Dêr wiene fjouwer auto's by belutsen. By Skearnegoutum botsten twa auto's op elkoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)