Bettere promoasje Skiermûntseach

08 des 2004 - 14:27
Foto: Omrop Fryslân

In bettere promoasje fan Skiermûntseach moat soargje foar ekstra toeristen op it eilân. De VVV op Skier hat dêr in plan foar makke. Benammen op ynternet wurdt de promoasje ferbettere. It moat sa makliker wurde om in fakânsje fia ynternet te boeken.

Fierder wol it eilân him ûnderskiede mei de ûnderwerpen 'Rêst, romte en natuer'. Takom jier moat de kampanje al effekt hawwe.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)