Krityk op sosjale aginda

© Omrop Fryslân
De provinsje besteget te min oandacht oan tema's as feilichheid, húslik geweld, wurk, sûnenssoarch en sport. Dat sizze ynstellingen as Partoer, Equa, doarpshuzen en Sport Fryslân.
Yn in brief oan deputearre Ploeg jouwe se krityk op de 'sosjale aginda' fan de provinsje. Nei sosjale debatten hat de provinsje in list fan prioriteiten makke. De ynstellingen wolle woansdei by in gearkomste dúdlik meitsje dat de provinsje syn belied bystelle moat.