Natuurlijk leven Wyns yn gefaar

08 des 2004 - 10:22

It projekt Natuurlijk Leven fan Tamari Aarts en Yby Potlatch yn Wyns sit yn finansjeel swier waar. De froulju wenje yn in âlde klûznerswente, dêr't gjin waarm wetter of stroom wie. Fia in ferbouwing wolle se op miljeufreonlike wize selsfoarjennend wurde.

En mei dy ferbouwing is wat misgien. Troch minne ôfspraken mei in oannimmer moatte se no 8.000 euro mear betelje as ferwachte. Dat jild is der net en dat soe de ein fan it projekt wurde kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)