Tefredenheid oer beslút ried

© Omrop Fryslân
It ûnderwiis yn Opsterlân fynt it ferstannich dat wethâlder Duursma net langer oer ûnderwiis giet. De ried twong Duursma syn ûnderwiisportefeuille ôf te stean. Dat nei oanlieding fan in rapport fan de ûnderwiisynspeksje. It is tige min steld mei it iepenbier ûnderwiis yn Opsterlân.
Underwiis giet nei in oare wethâlder, wa is noch net bekend. In kommisje ûndersiket de nije struktuer foar it ûnderwiis. Dat moat wer rêst bringe.