Mêst Spannenburch wurdt ferhege

© Omrop Fryslân
De stjoermêst fan Spannenburch wurdt mei 46 meter ferhege. De mêst wurdt dan hast 165 meter heech. De ferheging is nedich troch de lanlike weryndieling fan FM-frekwinsjes.
De ôfrûne jierren hat in soad te dwaan west om de stjoermêst. Omwenners wiene benaud dat de mêst kanker feroarsake. Ut ûndersyk hat bliken dien dat dat net it gefal is. Nei de ferheging sil de GGD op 'e nij ûndersyk dwaan oft de stjoermêst foldocht oan de sûnenseasken.