Wetterskip praat oer begrutting

07 des 2004 - 17:48

It deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân praat tiisdei oer de begrutting foar takom jier. Om de begrutting rûn te krijen woe it de wetterskip de tarieven mei fjouwer oant fiif prosint ferheegje. Ek wurdt foarsteld om jild út de reserves te heljen.

Leden út it algemien bestjoer ha al oanjûn dat se dat te maklike oplossings fine om de begrutting rûn te krijen. Wetterskip Fryslân trije miljoen euro besunigje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)