Yndividuele opfang dakleazen

© Omrop Fryslân
Ien sintrale krisisopfang foar dak- en thúsleazen is út de tiid. Se moatte opfongen wurde yn har eigen wenplak yn in gewoan hûs. Dat wol helporganisaasje Limor. De plannen steane heaks op de wurkwize fan no dêr't kliïnten op ien plak by elkoar komme.
Neffens Limor steane de nije plannen tichter by de yndividuele winsken fan dak- en thúsleazen. Oft belutsenen akkoart geane mei opfang yn wenwiken, is noch mar de fraach.