Dongeradiel jout letter útlis

07 des 2004 - 12:28

It kolleezje fan Dongeradiel jout noch gjin ferantwurding foar de hege kosten fan de nijbou fan it gemeentehûs. De bou is seis ton djoerder útfallen as de 9,3 miljoen dy't derfoar frijmakke wie.

It kolleezje soe tongersdei útlis jaan. Mar der is noch tefolle ûndúdlikheid oer de oarsaak. De administraasje foar it projekt en de gemeentlike finansjele administraasje ferskille fan elkoar. Dat moat earst útsocht wurde foar't it kolleezje útlis jout.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)