Sel easke tsjin bindeleden

07 des 2004 - 11:18

It Iepenbier Ministearje hat moandei sân jier sel easke tsjin in man. Hy wurdt sjoen as haad fan in kriminele organisaasje dy't yn Ljouwert, Balk en op 'e Lemmer aktyf wie. Tsjin in oare spil yn de organisaasje waard fjouwer jier sel easke.

De organisaasje bestiet út tsien minsken út Ljouwert en Rotterdam. De binde wie ek yn Rotterdam belutsen by ynbraken, oerfallen en in sjitpartij. De oare fertochten komme tiisdei foar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)