Dantumadiel skoart min

07 des 2004 - 11:09

Dantumadiel skoart min op it útfieren fan in grut tal wetlike taken as it giet om wenjen, romte en miljeu. Dat docht bliken út ûndersyk fan de ynspeksje fan it ministearje fan VROM. Benammen it ôfjaan fan bou- en miljeufergunnings en it hanthavenjen dêrfan is net goed.

De gemeente moat in plan fan oanpak meitsje mei maatregels. Takom jier kontrolearret VROM meardere kearen oft Dantumadiel him oan de ôfspraken hâldt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)