Krityk PvdA op útspraken Dales

© Omrop Fryslân
De steatefraksje fan 'e PvdA hat muoite mei de útspraken fan boargemaster Dales fan Ljouwert oer de magneetsweeftrein. Dales sei koartlyn op in diskusjejûn dat it noarden mar better ophâlde kin mei de sweeftrein, omdat it finansjeel altiten út de hân rinne sil.
Bert Versteeg fan 'e PvdA neamt de útspraak fan Dales 'polityk-bestjoerlik skealik'. Boppedat kin de útspraak ek misledigjend oerkomme. De PvdA hat no fragen steld oan deputearre steaten.