Undersyk De Laat stopset
De plysje set in punt achter it ûndersyk nei de gewelddiedige dea fan Simone de Laat út Ferwert. Fyftjin jier lyn waard de doe 30-jierrige frou yn har hûs om it libben brocht.
In cold-case team fan de plysje hat de saak de ôfrûne moannen wer ûndersocht, mar hâldt der no wer mei op. As der oanlieding ta is kin de saak wer iepene wurde.