Slim ûngelok by Surhuzum

06 des 2004 - 12:36
Foto: Omrop Fryslân

In 35-jierrige autobestjoerder fan De Like is sneintenacht slim ferwûne rekke by in oanriding by Surhuzum. De man rekke in ferkearsheuvel en ramde dêrby twa ferkearsbuorden. Ien fan de buorden kaam troch de foarrút. Nei goed hûndert meter rekke de man in beam.

De man rekke yn de auto yn 'e knipe en is der troch de brânwacht úthelle. Hy is yn kritike tastân nei it sikehûs fan Grins ta brocht.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)