Wentuorren Surhústerfean leger

© Omrop Fryslân
De wentuorren dy't by soarchsintrum 't Suyderhuys yn Surhústerfean komme, wurde minder heech as earst de bedoeling wie. Omwenjenden hiene beswier makke tsjin it earste ûntwerp.
De wentuorren soene earste fjouwer lagen krije en dat soe in hichte fan trettjin meter betsjutte. Omwenjenden wiene benaud foar skaad en ynbreuk op de privacy. De wentuorren krije no in laach minder en wurde maksimaal tsien meter heech.