Hearrenfean mist winst

06 des 2004 - 10:47
Foto: Omrop Fryslân

Hearrenfean hat snein yn Tilburg 2-2 spile tsjin Willem II. Sneu puntferlies, want de Feansters misten de winst op in hier nei. It Fean hanthavenet syn posysje yn de subtop.

Hearrenfean kaam al betiid foar, nei in kopbal fan Sikora. Caluwé makke de lykmakker, mar healwei de twadde helte skoarde Huntelaar 1-2. Samaras miste noch in goede kâns op 1-3. Yn blessueretiid krige Haarala read, wêrnei't it fuortendaliks 2-2 waard.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)