Nijenhuis goed op 1000 meter

06 des 2004 - 10:08

Beorn Nijenhuis hat dit wykein op de wrâldbekerwedstriden foar reedriders yn Nagano goede saken dien. De Feanster sprinter waard op de 1000 meter fyfde (sneon)en twadde (snein). Hy hat no de lieding yn it klassemint.

Snein einige Nijenhuis mar ien hûndertste efter winner Kyou-Hyuk Lee, yn 1.09,40. 'Ik ha wer wat sjen litten, en dêr wie ik wol oan ta,' sa sei Nijenhuis. Van Velde waard snein tred, Wennemars teloarstellend fyftjinde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)