De Bazuin twadde op NK

© Omrop Fryslân
Brassband De Bazuin fan Oentsjerk is dit wykein by de Nederlânske Brassband Kampioenskippen twadde wurden. De ferrassende winner wie Brassband Rijnmond. Dy band helle 98 punten, De Bazuin helle ien punt minder.
Yn de 24 kear dat it kampioenskip hâlden is, gie de winst mar trije kear nei in net-Fryske brassband. Yn de 2e en 3e divyzje gie de winst nei Pro Rege fan It Hearrenfean en Gloria Dei fan Gerkeskleaster-Stroobos.