De Tunen driget mei koart pleit

© Omrop Fryslân
Bewenners en winkellju fan de Tunen yn Ljouwert driigje de gemeente mei in koart pleit. Se fersette har tsjin it plan om in brûkersrûmte foar ferslaafde dakleazen yn te rjochtsjen oan de Tunen.
Neffens de aksjefierders hat Ljouwert har tasein dat dy brûkersromte dêr net komme soe. Sûnt koart is de Tunen lykwols wer yn byld. Bewenners en winkellju binne bang foar omsetferlies en weardefermindering fan har huzen.