Feanster ferwûne by fjochtpartij
In 25-jierrige ynwenner fan Hearrenfean is sneintenacht ferwûne rekke by in fjochtpartij. Op de Oude Koemarkt hiene twa groepen jongeren spul mei inoar krigen en wiene mei-inoar op de fûst gien.
Wêr't de groep rúzje oer krige, is net dúdlik. De groep dêr't it slachtoffer ta hearde joech ta sels ek skuldich te wêzen. Der is gjin oanjefte dien. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht.