Haadklasse fuotbal sneons

04 des 2004 - 17:47

In fenomenale winst foar ONS Snits sneon tsjin Nunspeet. It waard 4-0. De earste en lêste goal waarden makke troch Ton Haarman. Rudie Mann skoarde de oare twa, beide nei in foarset fan Sandor van der Heide. Dy siet earst noch op de bank fanwege rêchklachten.

De wedstryd ACV-Harkemase Boys wie ek spektakulêr. Al waard der rommelich fuotballe, krekt foar rêst en de ein skoarde Albert-Jan van Swol 2 kear: 2-2.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)