Nominaasjes foar Underwiispriis

04 des 2004 - 16:42

Acht Fryske skoallen binne nomineard foar de Fryske Underwiispriis 2004. De priis is ynsteld om de kreative kanten fan it ûnderwiis foar it fuotljocht te bringen. De priis is in ûnderdiel fan de twajierlikse Nasjonale Underwiispriis.

De skoallen dy't kâns meitsje binne De Opbou út Blije, de Trieme St. Jansgea, De Frissel út Feanwâlden, it Dockinga yn Dokkum, Comenius Ljouwert, Liudger út Drachten, en AOC en ROC Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)