Priis foar Harmonie

04 des 2004 - 15:30

De Harmonie yn Ljouwert hat in priis krigen. De stedsskouboarch hat yn Fryslân it bêste CKV-oanbod. CKV stiet foar Cultureel Kunstzinnige Vorming, in skoalfak op de middelbere skoalle. Learlingen kinne mei koarting nei foarstellingen ta. Ynstellingen kinne sels it oanbod bepale wêr't de koarting foar jildt.

De priis, de CKV-acceptant-TOPPER AWARD, wurdt útrikt op 10 desimber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)