Mooglik lêst fan staking Arriva

04 des 2004 - 14:58

It busferfier yn Súdeast-Fryslân hat tongersdei mooglik lêst fan de staking by Arriva. Bussjauffeurs út Grinslân en Drinte driigje it wurk del te lizzen om't Arriva minsken dien jaan wol. Dat moat fanwege de besunigingen.

Yn Fryslân spylje de besuniginen minder om't hjir in soad tydlike krêften wurkje. Woansdei rint it ultimatum ôf dat de fakbûnen steld ha oan Arriva. As de ferfierder de easken neist him delleit, folgje tongersdei stakingen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)