Brok: mear gearwurking gemeenten

© Omrop Fryslân
De gemeenten yn Súdwest-Fryslân moatte mear oparbeidzje. Amtners dwaande mei spefisyk belied, lykas toerisme of plattelânsfernijing, moatte byinoar komme te sitten. Yn 'e takomst soe it sels mooglik wurde moatte om mienskiplike wethâlders te beneamen.
Boargemaster Brok fan Snits presintearre dizze ideën freed by in parselunsj yn syn hûs. Brok is no ien jier yn Snits en fynt dat de tiid ryp is foar nije foarmen fan gearwurking.