Top 10 fan noarmen en wearden
CDA en Kristenuny/SGP yn 'e Steaten wolle in breed maatskiplik debat oer noarmen en wearden. Dêrfoar moatte takom jier seis debatjûnen rûnom yn de provinsje komme, mei in slotdebat yn Ljouwert. Eindoel is in 'top tsien' fan Fryske noarmen en wearden.
De útkomsten fan 'e debatjûnen stean oan 'e basis fan in aksje-program, dat uterlik yn desimber 2005 klear wêze moat. Dat alles kostet mei-inoar hast 60.000 euro.
Trefwurden:
argyf