Bar Paradiso dochs net ticht

© Omrop Fryslân
Diskoteek Paradiso yn Kollum bliuwt bestean. Omwenners woene de disko keapje en dêrnei slope, mar dêrfoar is gjin jild. Se soene ien kear 350.000 euro betelje en struktureel 100.000.
De bar mei no om 'e wike sneontejûns iepen en út en troch freedtejûns by in besletten feest. Fierders komt der bettere lûdsisolaasje en sil bewakingspersoniel de boel yn 'e gaten hâlde. Wethâlder Hoogendorp fynt it wichtich dat de jeugd dochs plak hat.