Zagreb - Hearrenfean: 2 - 2

03 des 2004 - 12:58

It seach der tongersdeitejûn yn Zagreb lange tiid net goed út foar Sportclub Hearrenfean. Seis minuten foar de ein fan 'e wedstriid stie it noch 2-0 foar Dinamo, mar doe kaam Hearrenfean dochs noch los. Yildirim skoarde 2-1 mei in moai ôfstânsskot. Huntelaar makke even letter gelyk mei in penalty.

Yn 'e blessueretiid skeat Huntelaar noch in kear de bal op 'e latte. Trener Verbeek sei nei ôfrin dat er 'tige grutsk' is op syn ploech.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)