Ferlies foar Aris

© Omrop Fryslân
Aris ferlear tongersdei mei grutte sifers fan de Demon Astronauts. De Ljouwerter basketballers krigen yn Amsterdam 107 punten tsjin, wylst se sels mar 86 kear skoarden. Foar Aris wie dit it tredde ferlies yn de kompetysje. Se stean noch wol altyd op in dielde earste plak.
De Amerikaan Randolph dy't fan berôving mei geweld fertocht wurdt, spile gewoan mei. Ek as er feroardiele wurdt, sil er syn kontrakt úttsjinje by Aris.