Boetes foar ferfieren skiep

© Omrop Fryslân
Hast in tredde part fan de ferfierders fan skiep ha in boete krigen by de kontrôles fan de lêste dagen fan de algemiene ynspeksjetsjinst (AID). De kontrôles binne holden yn Fryslân en Oerisel.
Der waarden 29 transporteurs steande holden. Tsien fan har krigen in boete. Yn trije gefallen dielde de AID in warskôging út. De regels foar it fer- fieren en sammeljen binne strang om it oerbringen fan syktes foar te kommen.