3 jier easke foar sjitterij

03 des 2004 - 10:34

Tsjin de fiif manlju dy't tongersdei foar de rjochter stiene foar de sjitpartij by it azc Burmania yn Ljouwert op 18 augustus, is trije jier sel easke. De fiif soene neffens de offisier ôfpraat hawwe om trije Armeenske broers yn it azc te deadzjen.

Fêst stiet dat troch de manlju sketten is. Dêrom moatte se neffens de offisier allegear deselde straf ha. Trije minsken rekken ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)