Oerienkomsten Fryslân - Grinslân

02 des 2004 - 17:01

De ynspannings dy't it Wetterskip Fryslân dwaan moat om yn gefal fan droechte dielen fan Grinslân oan wetter te helpen, binne tongersdei fêstlein yn in oerienkomst. Tagelyk is ek in oerienkomst sletten oer de ôffier fan wetter op de Lauwersmar as dêr krekt te folle wetter fuortwurke wurde moat.

Dykgraaf Van Erkelens fan Fryslân en syn kollega fan it wetterskip Noorderzijlvest yn Grinslân hawwe tongersdei hantekenings set.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)