Skylge wol tsjustere nacht

02 des 2004 - 13:58

Yn de nacht fan 7 op 8 desimber moat Skylge hast folslein tsjuster wêze. De miljeuwurkgroep Skylge wol sa in diskusje op gong bringe oer it gebrûk fan ljocht. De wurkgroep hat kontakt socht mei de edukative omrop RVU, dy't in programma meitsje sil oer it natuerlik nachtlik tsjuster.

Alle bewenners fan Skylge krije in brief mei de oprop sa folle mooglik de ljochten yn 'e hûs út te dwaan. Ek de gemeente wurdt om meiwurking frege.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)