Gjin betinkingstsjinst Bernhard

© Omrop Fryslân
Foar prins Bernhard komt gjin spesjale betinkingstsjinst yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert. Dat barde noch wol nei it ferstjerren fan keninginne Juliana. Kommissaris Nijpels hat dat bekend makke. Nijpels wie tsien jier lang foarsitter fan it Wereldnatuurfonds en sadwaande koe hy de prins goed.
Bernhard hat net in soad yn Fryslân west. Ien fan syn earste besites wie yn 1945. Yn Ljouwert naam hy doe ôfskied fan de BS.