Reaksjes op dea Bernhard

© Omrop Fryslân
"It wie in minske en neat minskliks wie him frjemd." Dat is de reaksje fan Jonkhear Van Eysinga fan Sint Nyk op it ferstjerren fan Prins Bernhard. Van Eysinga hie geregeld kontakt mei de prins, ûnder oaren as Keamerhear fan de Keninginne.
Oranjekenner Bearn Bilker neamt de prins in kleurryk figuer en in libbens- genieter. Hy gie troch foar in bon- vivant en dy binne we yn it kalvinistyske Nederlân net sa bot wend.