Man yn Hearrenfean mishannele

© Omrop Fryslân
In man fan 48 jier út Aldehaske is woansdei mishannele. It slachtoffer fytste yn hearrenfan en rekke by fersin in jonge dy't fan de oare kant kaam. De jonge en in freon fan him draaiden har fytsen om en begûnen tsjin de man te razen.
De beide jonges lutsen de man fan de fyts en sloegen op him yn. Ek skopten se de man en trapen syn fyts yn elkoar. Dêrnei naaiden de beide jonges út.