'Op guozzen jeie moat makliker'

© Omrop Fryslân
Boeren wolle makliker guozzen sjitte kinne, dy't oerlêst feroarsaakje. Ticht by de saneamde gedoochgebieten ha boeren in soad skea fan de fûgels, dy't de gewaaksen opfrette. De guozzen wurde te folle beskerme, sa fynt ek boere-organisaasje NLTO.
Dy wol it ienfâldiger meitsje om in fergunning te krijen om de guozzen te ferjeien of te bejeien. Yn jannewaris rjochtet de NLTO de Faunabeheerseenheid op. Dy moat de guozzeproblemen oanpakke.