Griente-boycot gjin ferrassing

© Omrop Fryslân
It Russyske ymportferbod foar griente en fruit út Nederlân komt foar de Fryske hannelers net as in ferrassing. Sûnt juny jildt der ek in ymportferbod fan Nederlânske blommen en planten.
De Russen sizze dat de ynfierstop nedich is om't de kwaliteitskontrôles yn Nederlân net goed binne. Direkteur Nagel fan de Fryske sipeleksporteur Konaxx Trade út Sint Jabik tinkt lykwols dat Ruslân gewoan syn eigen fruit- en grientemerk beskermje wol.