Lutinepriis dit jier net útrikt

01 des 2004 - 17:32

De Lutinepriis wurdt dit jier net útrikt. Dat hat de gemeente Skylge bekend makke. De gemeentlike priis wurdt alle jierren jûn oan in skriuwer fan publikaasjes oer Skylge.

De sjuery hat wite litten dat der dit jier gjin wurken fan foldwaande nivo útkaam binne. Dochs binne der wol boeken oer Skylge útjûn. It is net foar it earst dat de Lutinepriis in kear net útrikt wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)