Buro foar saken mei Sichuan

© Omrop Fryslân
Fryslân krijt in apart buro dat Fryske ûndernimmers helpe sil om saken te dwaan yn de Sineeske provinsje Sichuan. Dat hat deputearre Piet Bijman woansdei bekend makke. De provinsje hat sûnt fiif jier in freonskipsbân mei it 84 miljoen ynwenners tellende Sichuan.
Ofrûne simmer wie de gûverneur fan de Sineeske provinsje noch yn Fryslân. De Sinezen wolle gearwurking op it mêd fan lânbou, molkfee, wetterbehearsking en ferbou fan poatierappels.