'Fertochte stekpartij net frij'

© Omrop Fryslân
De fertochte fan in stekpartij op in skoalle op It Hearrenfean bliuwt foarearst yn hechtenis sitten. De jonge (14) soe ein maart in oare learling (17) mei in jirpelskylmeske yn it boarst stutsen hawwe.
De jonge moat in finzenissstraf of in psychiatryske behanneling krije, sa easket it Iepenbier Ministearje. Hy hat al acht moanne fêstsitten. Dêrom kin de behanneling eins fuortdaliks út ein sette, fynt it Iepenbier Ministearje.