Fryske Gea wol bern oansprekke

© Omrop Fryslân
It Fryske Gea wol mear bern ynteressearje foar de natuer. It gea bestiet yn 2005 75 jier en wol gjin organisaasje foar grize mûzen wurde, sa seit direkteur Ultsje Hosper. Om de bern te berikken wurdt der no wurke oan in nota jeugdbelied. It is foar it earst dat it Gea dwaande is mei sokssawat as jongereinbelied.
Studinten fan Van Hall hawwe al in foarset dien yn harren skripsje 'natuer is kickuh'.